Primeur foar Revalidaasje

02 okt 2010 - 12:03

Revalidaasje Friesland is sneon eigner wurden fan in unyk ynstrumint om de motoryk fan bern better ûndersykje te kinnen. It saneamde 'bewegingslânskip' kostet 42.000 euro en is skonken troch it Revalidaasje Fûns Nederlân. Der komme yn totaal fjouwer fan yn Nederlân.

It giet om in sân meter grutte wand yn in spesjaal keammerke dêr't tal fan boartersspullen sitte, lykas in glydbaan, balspultsjes, tekenmateriaal en trepkes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)