Primeur foar Jorwert mei jongerein-iepenloftspul

19 jan 2015 - 22:03

Jorwert krijt dit jier yn maaie foar it earst in iepenloftspul foar jongerein. It stik 'Ro en Julya' is in inisjatyf fan studio Blomfish. Doel is it gat tusken it berne-iepenloftspul en de grutte iepenloftspullen lytser te meitsjen. Foar it stik wurde gjin audysjes hâlden: eltsenien fan 12 jier ôf mei meidwaan.

It ferhaal giet oer twa freondinnen út ferskillende kultueren. Harren freonskip stiet ûnder druk, om't de twa fan harren omjouwing net mei-inoar omgean meie.

De repetysjes binne al úteinset. Op 14 maaie is de premjêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)