Primeur foar Gaasterlân

07 nov 2008 - 13:49

Gaasterlân-Sleat krijt in lanlike primeur mei de ferwurking fan houtsnippers ta kompost. Dat bart op duorsume wize. It bysûndere is dat by it ferbrâningsproses gjin skealike stoffen frijkomme.

De Greenheating-masine is ûntwikkele troch heechlearaar Cees Buisman út Harich. De gemeente is bliid mei it inisjatyf. Der steane in soad beammen yn de gemeente en dat bestjut in protte houtsnippers. De ried beslút 18 novimber om jild yn de proef te stekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)