Primeur Flylân mei earste Nederlânske wynturbine op hûs

07 okt 2015 - 15:00
  • It oanlizzen fan de wynnokturbine
  • De Ridgeblade-wynturbine
  • It pleatsen fan de wynnokturbine op Flylân

In Nederlânske primeur foar Flylân. Woansdei is dêr in Ridgeblade-wynturbine op in wenhûs ynstallearre. In Ridgeblade is in soart skoeperêd dat yn de lingte oer de nok fan it hûs pleatst wurdt. De Ridgeblade liket hjirtroch in part fan de wente te wêzen. Boppedat is it stiller as in gewoane wynmûne.

De Ridgebladeturbine op Flylân is in proef. As nei oardiel jier bliken docht dat de wynnokturbine it goed docht, dan krije alle Waadeilannen in Ridgeblade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)