Primeur fan soarchportaal

26 maaie 2009 - 10:19
  • Tjongerskâns krijt as earste sikehûs in soarchportaal

De Tjongerskâns komt as earste sikehûs fan Fryslân mei in soarchportaal. Hûsdokters kinne dêrmei ynsjoch krije yn de medyske gegevens fan pasjinten. It giet om útslaggen fan laboratoariumûndersyk en in oersjoch fan opnames yn it sikehûs.

It soarchportaal is test ûnder húsdokters. Dy wiene entûsjast. Ek de pasjinten wurde better fan it systeem. Se hoege net mear nei it sikehûs foar bloedûndersyk om't de húsdokter sjen kin dat it krekt dien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)