Primeur by dûnswinkel

25 jul 2009 - 16:07
  • Spesjale klean yn de dûnswinkel

De dûnswinkel oan de Nieuwe Oosterstraat yn Ljouwert hie sneon in primeur. De winkel ferkocht klean dy't brûkt binne yn it RTL4-programma 'Dancing with the Stars'.

De jurken, pakken, skuon en sieraden binne yn it dûnsprogramma droegen troch bekende Nederlanners lykas Jamai Loman, Nicolette van Dam en Manon Thomas. Der is in soad belangstelling foar de stikken. De Ljouwerter winkel ferkocht earder ek klean út de musical 'Dirty Dancing'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)