Primera De Gordyk oerfallen

11 des 2010 - 10:24
  • De oerfallen winkelman Knol foar syn saak, dy't gewoan iepen is.

De Primera op de Haadstrjitte op De Gordyk is sneontemoarn oerfallen. De oerfallers kamen der yn doe't eigner Frâns Knol de winkel iepen die. Sy fregen om in pûde mei jild, mar dat wegere Krol, ek nei ferskate drigeminten. Doe't hy de stim fan ien de oerfallers herkende en dat kenber makke, drigen de oerfallers de winkelier dea te sjitten.

Nei in fjochtpartij naaiden de oerfallers út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)