Prima winst Cambuur yn Almere

04 sep 2010 - 00:10

Sportklup Cambuur hat freedtejûn mei 4-0 wûn fan Almere City FC. Dêrmei sette de ploech fan trainer Stanley Menzo it ferlies fan ferline wike tsjin AGOVV wer in bytsje rjocht. By it skoft stie it yn Almere 0-1 troch in eigen goal fan René Troost.

Yn de twadde helte makke Beekmans út in strafskop de 0-2. Yn de slotfaze skoarden ek Reza Ghoochannejhad en Mark de Vries noch in goal. Cambuur stiet no mei FC Zwolle, Go Ahead Eagles en Helmond Sport boppe-oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)