Prima winst Aris yn Amsterdam

20 mrt 2011 - 15:12

De basketballers fan de Friesland Aris ha sneontejûn in knappe útwinst pakt tsjin Amsterdam. It waard 67-63 foar de ploech fan coach Pete Miller. Yn it earste en twadde kwart wiene beide ploegen oaninoar weage, yn it tredde kwart sloegen de Fryske basketballers ta en namen in foarsprong fan tsien punten.

Yn it lêste kwart koe Aris Amsterdam foarbliuwe. Aris stiet no yn punten dield fyfde. Topskoarders by Aris wiene Manny Adako en Mark Sanchez.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)