Prima start foar Marit Bouwmeester yn Abu Dhabi

29 okt 2015 - 20:34
  • Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is goed begûn oan de finale fan it wrâldbekerseizoen yn Abu Dhabi. Se stiet op it earste plak nei de iepeningsdei yn de kategory Laser Radial. Yn de earste race waard se tredde en de twadde race wûn se. Yn it klassemint stiet se ien punt foar op de Marie Bolou út Frankryk. Yn totaal steane der seis wedstriden op it programma. Oan de wrâldbekerfinale dogge de 20 bêste silers fan de wrâld mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)