Prima simmer foar Frysk graan

31 aug 2010 - 11:41

2010 is in útsûnderlik goed jier foar it Fryske graan. Der komt hast twa ton per hektare mear nôt fan it lân as ferline jier en de priis leit sa'n 70 prosint heger. De kwaliteit fan it nôt liket boppedat ek noch aardich te wêzen. Dit is opfallend, want it waar wie ekstreem. Earst wie it hiel droech en kâld en it terskjen is dêrom in wike letter as oars.

Yntusken is it measte graan binnenhelle, wat noch op it lân stiet hat wol te lijen fan it wiete waar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)