Prikiel yn fûke by Surch

22 apr 2008 - 13:53
  • De fisk dy't famylje fan 'e haai is, mar iel hjit

De prikiel fan fisker Jan Leistra fan Surch is tiisdei nei it see-akwarium yn Bergen oan See brocht. Leistra fisket op iel en hy fûn de bysûndere iel fan 'e wike yn 'e fûken.

De prikiel is fiere famylje fan 'e haai en is 74 sintimeter lang. Hy liket op in iel en sûcht bloed út oare fisken om te oerlibjen. Leistra hie fuortendaliks troch dat it om in bysûnder bist gie. It akwarium yn Bergen oan See is tige bliid mei de nije oanwinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)