Priisôfspraken by boubedriuwen?

06 des 2002 - 00:00

De kartelplysje NMA hat freed in list bekendmakke mei 13 boubedriuwen dy't der fan fertocht wurde priisôfspraken makke te hawwen. Dat soe bard wêze by it oanlizzen fan diken yn it Noarden.

Op de list steane fiif bedriuwen dy't út Fryslân komme of hjir in kantoar hawwe. It giet om Jansma, Stevin en Heijmans fan Drachten, Ooms fan Beetstersweach en Fernhout fan de Lemmer. By hokker projekten mooglik fraudearre is, is net bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)