Priisfraach foar tûk ferfier

26 maaie 2009 - 21:50

De provinsje skriuwt in priisfraach út foar minsken dy't nije, ynnovative plannen betinke kinne foar it Fryske iepenbier ferfier. De plannen moatte duorsum wêze en passe yn de omjouwing. Op 26 juny organisearret de provinsje in gearkomste wêrby gadingmakkers en oanbieders fan ferfier mei-inoar yn de kunde brocht wurde.

Yn novimber wurde de twa winnende plannen bekend makke. De betinkers dêrfan krije dan elk 50.000 euro om harren plan fierder út te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)