Priisfraach foar slibprobleem

30 des 2004 - 14:00

Skippersferiening Schuttevaer en de gemeente Harns skriuwe in mienskiplike priisfraach út foar in oplossing foar de Boontjes, in lestige ûndjipte yn de Waadsee op de rûte Amsterdam-Harns.

Dy fargeul slibt hieltyd ticht en it Ryk wegeret dat op te lossen. Schuttevaer en Harns hawwe har nocht fan it wachtsjen en komme no mei in priisfraach foar yngenieursburo's en partikulieren. Mei in goeie oplossing kinne se 5000 euro fertsjinje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)