Priis restaurant De Sweach

15 mrt 2010 - 20:10

Restaurant De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach hat moandei yn Amsterdam de Fryske publykspriis fan de website diningcity.com krigen.

De website organisearret elts jier in saneamde restaurantwike. Nei ôfrin fan de wike kinne besikers oanjaan wat neffens har it bêste restaurant fan de regio is. Der wurdt sjoen nei de kwaliteit fan it iten, de service en de sfear yn it restaurant. Dizze priis is de iennichste restaurantpriis yn Nederlân dy't troch it publyk jûn wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)