'Priis paprika's te leech'

05 aug 2014 - 20:12

Fryske paprika- en tomatekwekers soene graach sjen dat de oerheid wat docht oan de lege prizen dy't se foar de grientesoarten krije. It oanbod fan paprika's en tomaten is op dit stuit grut. Gefolch is dat kwekers minder as in heale euro krije foar in kilo paprika, wylst de kostpriis folle heger leit. LTO Nederlân en de kwekersorganisaasje DPA hawwe it ministearje fan Ekonomyske Saken frege om yn te gripen yn de merk.

Dat soe it kabinet dwaan kinne troch in grut part fan de tomaten en paprika's fan kwekers op te keapjen en te ferneatigjen. Dizze regeling waard yn 2011 foar it lêst brûkt nei oanlieding fan de Ehec-krisis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)