Priis neamd nei Hartkamp

22 okt 2003 - 00:00

Der is in Stichting Siebold Hartkamp oprjochte. Dy sil alle jieren de Lytse Boupriis fan Snits útrikke. De stichting is neamd nei Hartkamp dy't noch eefkes boargemaster fan Snits is.

It jild dat binnenkomt op syn ôfskiedsresepsje op 14 novimber foarmet de hichte fan de priis. Dy is bestimd foar inisjativen op it mêd fan restauraasje. Hartkamp wurdt opfolge troch de Ljouwerter wethâlder Arno Brok. Hy wurdt 1 desimber ynstallearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)