Priis keaphuzen 7% sakke

21 des 2011 - 11:32

De prizen fan keapwenten yn Fryslân binne yn novimber yn ferliking mei in jier ferlyn mei sân persint sakke. Dat is lanlik de grutste delgong. Dat docht bliken út de moannesifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk.

De prizen yn hiel Nederlân giene trochinoar yn it ôfrûne jier mei 3,9 persint omdel. Yn Grinslân, Oerissel en Gelderlân sakken de huzeprizen ek bot. Yn de ôfrûne moanne binne in stik minder wenten ferkocht as in jier earder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)