Priis 'Fryske' Lucas Sanders

02 jul 2013 - 10:13
  • Ferry Doedens

Lucas Sanders út de soapsearje Goede Tijden Slechte Tijden is útroppen ta soappersonaazje fan it jier. Ferry Doedens fan Drachten spilet alle dagen Lucas Sanders. It is foar it earst dat de priis útrikt is. Doedens is grutsk dat de priis nei syn personaazje gien is. De Televizier hat de nije tillevyzjepriis ôfrûne moanne ynsteld. Dêrfoar waarden 18 soappersonaazjes selektearre. Njonken Goede Tijden Slechte Tijden, kamen dy út Malaika en SpangaS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)