Priis foar Yta Strikwerda

11 aug 2010 - 07:59
  • Sa waard Yta bekend yn hiel Nederlân

Yta Strikwerda út Wolvegea hat de earste DSI-award yn Nederlân krigen fan de organisaasje Down Syndrome International. De priis is bedoeld foar minsken dy't bydrage oan it sterker meitsjen fan de libbens fan minsken mei it syndroom fan Down.

Strikwerda waard bekend fan har optreden yn de show fan Paul de Leeuw yn 2008. Se is troch it DSI útnoege foar it Downsyndroom Kongres dat yn 2012 yn Súd-Afrika is. Se siket noch jild foar de reis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)