Priis foar wurk op Dekemastate

12 nov 2005 - 09:06

Frijwilligers fan Dekemastate yn Jelsum ha freed in tredde priis wûn fan de kastielfrijwilligersgroep. De priis is útrikt op paleis Het Loo yn Apeldoorn en wurdt ienris yn de twa jier útrikt. Der wiene tolve oanmeldings en trije dêrfan wiene nominearre.

De 80 frijwilligers dogge in soad wurk yn en om Dekemastate. Se ûnderhâlde de tún, ûntfange besikers en dogge rûnliedings. De frijwilligers ha in keramiken boerd wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)