Priis foar Wâldrock

17 mrt 2010 - 13:48

It Wâldrock-festival yn Burgum hat de Kultuerpriis 2009 krigen fan Tytsjerksteradiel. Wâldrock kriget de priis fanwege syn grutte fertsjinsten om de gemeente op kultureel mêd op 'e kaart te setten. Ek de profesjonele organisaasje, de kwaliteit fan de bands en in grut publyk makket it festival neffens de sjuery unyk foar de gemeente.

Oare kânshawwers wiene Jan Faber fan Gytsjerk mei in boek en de Keunstrûte Hurdegaryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)