Priis foar Tsjêbbe Hettinga

07 jun 2004 - 00:00

Dichter Tsjêbbe Hettinga fan Ljouwert krijt de Hans Berghuis Stok foar poezij. Dat is in literêre priis fan de gemeente Maastricht en The Maastricht International Poetry Nights.

De priis is neamd nei de Limburgske dichter Hans Berghuis. Syn kuierstôk wurdt om de twa jier trochjûn as symboal foar de wierheid en krêft fan de poëzij. Hettinga krijt de priis op 19 juny, by de Maastrichter literêre dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)