Priis foar trompettist Khan

07 sep 2009 - 17:15
  • Saleem Khan út Aldegea

Trompettist Saleem Khan (20) fan Aldegea hat de Talent Award 2009 fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW wûn. Khan is treddejiers studint trompet oan it konservatoarium yn Grins. Hy wie troch de oplieding foardroegen foar de priis. Neist in trofee en in oarkonde krige er in beurs fan 2500 euro.

Khan wûn earder it Prinses Christina-konkûrs yn 2006. hy wie solist by de Keninklike Militêre Kapel Johan Willem Friso en it Haydn Jeugd Strijkorkest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)