Priis foar supermerk Aldeberkeap

27 nov 2003 - 00:00

Supermerk Attent yn Aldeberkeap hat de Baanbrekersprijs 2003 wûn. Dy lanlike priis wurdt alle jierren útrikt oan in organisaasje dy't minsken op kreative wize oan wurk helpt.

Yn de supermerk wurkje minsken mei in ferstanlike handikap. Troch de oername fan soarchynstânsje Talant koe de supermerk bestean bliuwe. De priis bestiet út in rinteleaze liening fan 215.000 euro. De winner wurdt begelaat om dat jild te ynvestearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)