Priis foar Smelne's Erfskip

10 sep 2000 - 17:04

De Stichting Smelne's Erfskip yn Drachten krige sneon by de lanlike Monumintedei in priis fan tûzen gûne. It Erfskip krige by de útrikking fan de trofee ek in earfolle fermelding fan it Boufûns.

Tema fan de fjirtjinde edysje dit jier is 'Nederlân Wettersteat'. Snein steane yn 375 gemeenten de doarren fan monuminten en bysûndere gebouwen noch iepen foar publyk. De tagong is fergees.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)