Priis foar Skriezekrite

12 mrt 2007 - 17:09
  • Deputearre Andriesen rikte de sjek en de sulveren leppel út
  • De skries op syn karakteristike plakje

De Skriezekrite Idzegea is winner wurden fan de Sulveren Skries 2006. Moandei krige de krite de sulveren leppel en in sjek. De Sulveren Skries is in stimulearing foar projekten yn natuer- en lânskipsbehear.

De Skriezekrite is dwaande om yn in gebiet fan 1500 bunder optimale omstannichheden te kreearjen foar de bedrige skries. It hat in foarbyldfunksje en it is fernijend, fûn de sjuery.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)