Priis foar skoalle Lekkum

14 des 2004 - 11:30

De Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum hat in haadpriis wûn. De priis heart by de lanlike aksje Heel Nederland danst. De skoalle hat 2500 euro fertsjinne.

It doel fan de aksje wie om Nederlanners mear yn beweging te krijen. Learlingen fan in soad skoallen yn it hiele lân dienen mei troch allegear op itselde momint te dûnsjen. De skoalle besteget it jild oan in Yndonesysk opfanghûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)