Priis foar reklamespotsje

16 jun 2004 - 00:00

In reklamespotsje dat makke is troch reklameburo Production People yn Ychten, hat yn Amearika in wichtige priis wûn. It waard earste yn de kategory non-profit reklame fan it International Film en Video Festival.

It filmke is makke foar de Nederlandse Brandwondenstichting en waard oktober ferline jier útstjoerd yn de kollektewike. It winnen fan de priis is sawol foar it reklameburo as foar de brânwûnestifting in opstekker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)