Priis foar Omropdokumintêre

10 des 2012 - 10:10
  • Margriet de Schutter by de priisútrikking yn Milaan

De Omrop Fryslân-dokumintêre Djipgean foar Vancouver hat in twadde priis wûn op it ynternasjonaal filmfestival yn it Italiaanske Milaan. Dat wie yn de kategory Olympic Spirit, Olympic Values. De dokumintêre is makke troch en giet oer shorttrackreedrydster Margriet de Schutter en har úteinlik mislearre striid om mei te dwaan oan de Winterolympiade yn it Kanadeeske Vancouver. De film makke in grutte yndruk op de sjuery.

It filmfestival yn Milaan is it wichtichste festival yn de wrâld foar films en tillevyzje op it mêd fan sport.

De Schutter wol mei har film omtinken freegje foar bettere neisoarch foar topsporters. Omrop Fryslân stjoert Djipgean foar Vancouver oare wike tiisdei nochris út, om sawat kertier oer fiven en dan jûns yn de herhelling op de heale oeren. Op sneon 22 desimber is it programma ek te sjen om 10.30 oere op Nederlân 2 en op snein de 23e desimber om 15.30 oere, ek op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)