Priis foar oandielhâlders Thialf

14 des 2003 - 00:00

De oandielhâlders fan iisstadion Thialf op it Hearrenfean ha sneon in priis krigen fan de KNSB. It giet om de Van Helomapriis, dy't alle jierren takend wurdt oan in organisaasje dy't him yset foar it reedriden.

Neffens de KNSB ha de oandielhâlders fan Thialf, dat binne Aegon, Essent en de gemeente It Hearrenfean, in fallissemint fan it stadion foarkaam. De priis waard sneon útrikt op it bûnskongres fan de KNSB yn Utrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)