Priis foar NHL-styl

31 maaie 2010 - 19:14
  • De nije styl fan de webside
  • It nije gebou

De NHL hegeskoalle hat in priis wûn foar de nije styl dêr't de skoalle him him mei nei bûten ta presintearret. It giet dan bygelyks om it logo en de styl en kleuren fan brosjueres en briefpapier foar alle santich NHL-opliedings.

De skoalle krige dêrfoar de European Design Award. De nije NHL-styl is basearre op it ûntwerp fan it nije gebou yn Ljouwert. Dat gebou waard ferline wike offisjeel iepene troch Prinses Máxima.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)