Priis foar multykultureel belied

09 mrt 2004 - 00:00

Trije Fryske bedriuwen binne nominearre foar de priis Couleur Provinciale Fryslân. It binne de CHN yn Ljouwert, Vriesco Internationals Fabrics en McDonald yn Drachten. De priis is in foar multykultureel personielsbelied. It belied moat in ôfspegeling wêze fan de ferhâlding autochtoanen en allochtoanen yn de maatskippij.

De winner wurdt 25 maart bekend makke. Dy docht mei oan 'e lanlike ferkiezing Couleur Nationale. Dy is yn juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)