Priis foar Ljouwerter merk?

30 jan 2004 - 00:00

De freedsmerk op it Saailân yn Ljouwert is nominearre foar de titel 'Bêste merk fan 2003'. De priis wurdt troch de 'Centrale Vereniging voor Ambulante Handel' alle jierren útrikt. Ljouwert is nominearre fanwege it grutte oanbod fan keapguod en de rûme opstelling fan de kreamen.

Njonken de merk fan Ljouwert binne ek dy fan Grins en Enschede nominearre foar de haadpriis. De winner wurdt op 16 maart bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)