Priis foar Lekkumer bern

17 des 2004 - 16:40

De bern fan de Wassenberghskoalle fan Lekkum ha de haadpriis wûn by de aksje Heel Nederland Danst. Freed krigen se dêrom in dikke cheque oerlange.

De Lekkumer bern hawwe neffens de sjuery it bêste omtinken jûn oan de aksje Heel Nederland Danst. Op radio, tv en yn de krante hat de skoalle goed foar de dei brocht dat bewege sûn is en ek noch ris leuk. De priis, 2500 euro, wurdt brûkt foar de bou fan in skoalle yn Yndonesië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)