'Bierpriis' foar kroech fan Eastersee

13 jan 2016 - 22:03
  • De útrikking fan de bierpriis yn de foarm fan in sjek yn Eastersee

De bêste hoarekasaak fan Noard-Nederlân stiet yn Eastersee. Alteast fan alle by Heineken oansluten saken. De brouwer rikt elts jier de Gouden Tapknop út foar ûndernimmers dy't meidogge oan it Goed Getapt programma. Alle jierren dogge dêr sa'n 2000 hoarekasaken oan mei. Wichtichste ûnderdiel is it tappen fan in goed pilske, mar der is mear nedich om in goed gasthear en gastfrou te wêzen.

Kafee-Restaurant Tjeukemeer krige de priis al foar it tredde jier op rige. Eigeners Peter en Froukje Fabriek krigen woansdeitejûn de priis útrikt.

It bêste ytkafee fan Noard-Nederlân is neffens de brouwer Kafee Restaurant De Zwaan yn Makkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)