Priis foar Kranendonk

10 des 2009 - 09:56
  • Kranendonk wurdt lokwinske troch Truus Been, de winner fan 2008 (foto: Lenus van den Broek)

Michiel Kranendonk fan Kranendonk Schilders út Noardwâlde is woansdeitejûn beneamd ta ûndernimmer fan it jier yn Weststellingwerf. Neffens de sjuery ynvestearret it bedriuw yn minsken, is it innovatyf en nuchter. De priis waard útrikt ûnder it ûndernimmersgala yn de gemeente en is in inisjatyf fan de Kommersjele Klup Weststellingwerf.

De twa oare nominearren foar de priis wiene Berneopfang De Kinderkei en Moes Bedden en Bedmode, beide fan Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)