Priis foar kafee Easterwâlde

12 jan 2011 - 17:05

It Wapen fan Eaststellingwerf yn Easterwâlde hat de Gouden Tapknop wûn. Dêrmei is it kafee bekroand ta Top Hoarekasaak 2010 fan Noard-Nederlân. De priis is in inisjatyf fan Heineken Nederlân. De Gouden Tapknop is it bewiis fan in tige goeie gasthear.

Café Tjeukermeer yn Eastersee foel ek yn de prizen. Dit kafee wûn de Sulveren Tapknop 2010. De winners stride 23 jannewaris mei 100 hoareka-ûndernimmers út it hiele lân foar de titel Gouden Hoarekasaak 2010.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)