Priis foar jonge pianiste

19 feb 2007 - 13:37
  • Valentina Tóth
  • Valentina: jong pianotalint út Aldtsjerk

De 12-jierrige pianiste Valentina Tóth út Aldtsjerk hat dit wykein yn Grins in earste priis wûn op it Prinses Christina Concours Noord. Tóth is pas trijeeninheal jier lyn begong mei pianospyljen. Se mei no nei de lanlike finale fan it Prinses Christina Concours.

Coen Dijkstra út Ljouwert wûn in tredde priis mei syn optreden mei de marimba. Fluitiste Rianne Jongsma út Drachten wûn in twadde priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)