Priis foar jonge arsjitekten

24 okt 2014 - 09:47
  • Fries Museum yn Ljouwert

De Abe Bonnema Stichting ropt in priis yn it libben foar jonge arsjitekten. Foar de earste edysje binne trije arsjitekten jonger as 40 jier nominearre. It giet om Slangen+Koenis Architecten mei de multyfunksionele swim- en klupakkommodaasje yn Maastricht, Architectenbureau Marjolein Van Eig/Inbo mei de Koepel yn Heemstede en it projekt 'Een Blok Tot Leven' yn Rotterdam fan ScheurwatervandenHoven en Antonia Reif Architectuur.

De arsjitektuerpriis fan tsientûzen euro, wurdt op 15 novimber útrikt yn it Fries Museum yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)