Priis foar Jannick de Jong

08 jan 2007 - 15:19

Baansportkoereur Jannick_de_Jong fan 'e Gordyk hat fan it motorsportbûn KNMV de baansporttrofee krigen. Dy ûnderskieding krige de 19-jierrige koereur foar syn opmerklike prestaasjes yn 2006.

De_Jong waard Nederlânsk kampioen gersbaan en speedway. Boppedat waard er fiifde op it Europeesk kampioenskip speedway ûnder de 19 jier en pleatste er him foar it wrâldkampioenskip langbaan fan dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)