Priis foar hotelskoalle

29 sep 2000 - 15:33

De hotelskoalle yn Ljouwert hat in belangrike ynternasjonale priis wûn. It is de 'hospitality award', in ûnderskieding op it mêd fan gastfrijheid.

De priis hat de oplieding fan de Kristlike Hegeskoalle Noard-Nederlân te tankjen oan ynvestearringen. Foar 60.000 gûne is in profesjoneel wynpriuwlokaal ynrjochte. Kennis fan wynsoarten wie in wichtich part yn de striid om de priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)