Priis foar himmelploech

14 jan 2011 - 22:05

De himmelploech fan Bakkefean hat de Gouden Turf 2010 wûn. De priis is in inisjatyf fan de fraksje de Opsterlanders en giet elk jier nei in Opsterlandse frijwilligers-organisaasje. De himmelploech bestiet út sân minsken dy't alle wiken it swalksmoargens yn Bakkefean oprêde.

De ploech is bliid mei de priis, mar die daliks ek in oprop. Se ha bot ferlet fan in bakfyts, om't se dan minder hoege te slepen mei har smoargens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)