Priis foar Gastronoom út Harns

14 nov 2003 - 00:00

Restaurant De Gastronoom út Harns is tongersdei twadde wurden by de striid om de Ynternasjonale Waadsee Gastronomy Award. Winner fan de priis waard hotel Opduin yn De Koog op Texel.

De sjuery fûn dat dit hotel as bêste de produkten fan de Waadsee omset yn in lekker miel. Oan de wedstriid diene restaurants mei út Nederlân, Dútslân en Denemarken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)