Priis foar Fryske skoallen

18 jan 2007 - 19:54

De twa-jierlikse provinsjale ûnderwiispriis is wûn troch de W.A. Nijenhuisskoalle fan Ketlik en it Piter Jelles Gymnasium yn Ljouwert. De earste yn de kategory primêr ûnderwiis en de oare by it fuortset ûnderwiis.

De skoallen krigen in trofee en geane troch nei de finale fan de Nationale Underwiispriis. De prizen binne ûnder oare ynsteld om de kreative kanten fan it ûnderwiis yn Fryslân en hiel Nederlân sjen te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)