Priis foar Fryske draver

24 jan 2003 - 00:00

It hynder Rise and Shine fan Arnold Mollema fan Wolvegea is útroppen ta 'draver van het jaar 2002'. De lêzers fan it blêd Draf- en rensport stimden massaal op de trijejierrige hynst.

Rise and Shine hat ferline jier trije wichtige prizen wûn. Mei de ûnderskieding fan it hynsteblêd komt it hynder yn in yllúster rychje fan nammen: earder wûnen ek Action Skoatter en Herbie W. de priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)