Priis foar Frysk ûndersyk

27 maaie 2013 - 21:10

In Amerikaanske feriening foar longspesjalisten hat spesjalist yn oplieding Bennie Reitsma fan it Ljouwerter MCL in priis takend. It giet om de Abstract Scholarship Award. Reitsma krige de priis op in kongres yn Philadelphia om't er ûndersyk nei it brûken fan de rinfyts troch longpasjinten dien hat.

De fyts is ûntwikkele troch MCL-longspesjalist Ralph Koppers. Longpasjinten binne faak gau achter de pûst en kinne mei de fyts better revalidearje. De fyts kin ek brûkt wurde troch pasjinten mei in oare oandwaning, lykas hertfalen.

Mear ynformaasje is te finen op de webside: www.NRGbike.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)