Priis foar Frysk fotoprogramma

17 maaie 2008 - 12:59

Eric Wijngaard fan Waskemar hat mei in kompjûterprogramma in priis fan 25.000 dollar wûn by Google. Dit nei oanlieding fan in wedstriid. Wijngaard makke it programma PicSay foar Google's eigen bestjoeringssysteem Android, bedoeld foar mobile telefoans.

Mei it programma fan Van Wijngaard kinne gebrûkers foto's meitsje, dêr tekst bysette en dizze dan publisearje. Wijngaard giet no troch foar de haadpriis fan 275.000 dollar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)