Priis foar Frijheidswyk

28 nov 2003 - 00:00

De Ljouwerter Frijheidswyk hat freed in lanlike priis wûn foar har 'trapveld'. It giet om de Trapveld Trofee 2003. Digitale traapfjilden binne sintra yn oandachtswiken, dêr't bewenners mei kompjûters omgeane leare. Der binne 447 yn hiel Nederlân.

Neffens de sjuery hat it traapfjild fan de Frijheidswyk orizjinele en relevante projekten. Boppedat binne de meiwurkers tige belutsen en dogge oan de projekten in soad wykbewenners mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)